Nije wurkwize,

nije kânsen

Teamleden fan it gebiedsteam binne der ree foar

Foar ús as helpferlieners en sosjaal wurkers binne de feroarings yn de soarch ek enoarm. Wy ha wol in foarsprong yn ferliking mei jo. Wy binne der nammentlik al in pear jier mei dwaande. Foar jo binne de feroarings nei alle gedachten nij. Wy wolle jo graach stypje by it finen fan oplossings. Oplossings foar de problemen dêr’t jo yn jo deistich libben mei te krijen ha.

As jo in probleem ha op it mêd fan de húshâlding, wenje, wurkje, finânsjes, grutbringe fan de bern, melde jo je dan by it gebietsteam. De meiwurker oan de telefoan soarget derfoar dat der ien delkomt. Jo kinne dan tegearre de problemen besprekke. Yn dit petear sjogge wy mei jo mei nei de mooglike oplossings foar jo probleem. Dêrneist besprekke wy mei jo hoe’t jo it op oare mêden regele ha. Wat giet der goed? Binne der noch oare saken dy’t spylje? En dy’t mooglik ynfloed ha op jo situaasje. En soene jo ek wat foar in oar betsjutte kinne?

In foarbyld út de praktyk: By in petear die bliken dat mefrou net altyd har boadskippen dwaan koe. De buorfrou koe dit net oernimme omdat se krekt in poppe krigen hie. Troch de minsken byïnoar te bringen en yn petear te gean die bliken dat se inoar helpe koene. Mei it boadskipjen bleau de poppe by de buorfrou. Se komme no meiïnoar yn ‘e kunde en dogge faker in berop opinoar. Omdat se beide wat te bieden ha. De oplossings foar jo probleem binne net altyd inkeld mar te finen by de profesjonele soarchynstânsjes. Ek jo en jo omjouwing kinne faak folle mear bergen fersette as wy no soms tinke.

“Wij hebben in ons werk veel contacten en werken graag samen. In het nieuwe team kunnen we die samenwerking nog meer en beter vorm geven. Dat is belangrijk! Zo kunnen we samen voor en met de inwoners van het Bildt doen wat nodig is.”Ekie Altena-Bouma

Vragen? Bel het gebiedsteam: 409275
"Met de nieuwe werkwijze zijn wij eerder betrokken en sneller ter plaatse.” Anneke Dijkstra

Krije jou PGB? Dan kin dat na 2015 ferandere

Met ’t gebiedstiim beprate jou wat jou hulpfraag is. Tegaar bedinke jou ’n passende anpak. Beslútte jou tegaar dat jou maatwerk noadig hewwe? Dan kinne jou kieze foor PGB/trekkingsrecht.
Foor alle mînsen met PGB komt ‘r trekkingsrecht. Soks betekent dat jou de PGB-sinten niet meer self beure. Jou sture de reken na de Sociale Verzekeringsbank (SVB) en die betaalt de reken na goedkeuring.
PGB-sorg mot tena an twee aisen foldoen.
1. Jou kinne jou budzjet goed behere;
2. Jou kope goeie en failige sorg in.

Met deuze feranderings wil de overhyd de rezjy over de sorg werom geve aan de klant en de kwaliteit fan de sorg ferbetere.

Ontfange jou PGB fia de sorgfersekering?
Dan krije jou infermasy over de feranderings fia de sorgfersekering.